Eigen hûs yn 'e brân stutsen?

20 jul 2001 - 00:00

In 32-jierrige Ljouwerter is tongersdei oanhâlden omdat er mooglik syn eigen hûs yn 'e brân stutsen hat. De brânwacht krige nachts de melding dat er in hûs oan de Keizerskroon yn 'e brân stie.

Yn de wenning trof de brânwacht de Ljouwerter oan. Hy is net ferwûne rekke. De brân is nei alle ferwachting yn de wenkeamer ûntstien. De wenning hat grutte skea oprûn. De man wurdt ûnderfrege.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)