David v.d. Woude wer yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Nei in wike fytsen troch waar en wyn is David van der Woude tongersdeimiddei oankaam op it Saailân yn Ljouwert. David dy't in spiersykte hat, hat de Alvestêdetocht riden om syn grinzen te ferlizzen en om jild binnen te heljen foar de Feriening foar Spiersykten.
David hat 30.000 gûne by inoar fytst. Fan dat jild sil in dokumintaasjesintrum op ynternet opsetten wurde.