Massastart IFKS telt net mei

19 jul 2001 - 00:00

De earste IFKS-wedstriid yn Hylpen, mei alle 63 skûtsjes tagelyk oan 'e start, telt net mei foar it wedstriidklassemint. It IFKS-bestjoer hat dit besluten op advys fan 'e skippers.

Nijpels sil de 63 skûtsjes tagelikertiid fuortsjitte fanwege it 20-jierrich jubileum fan 'e IFKS. Omdat dy start net meitelt, organisearret de IFKS foar elke klasse ien ekstra start op in oare dei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)