Bollen dearekke by brân Sondel

19 jul 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

By in útslaande brân yn in pleats oan de Delbuursterwei yn Sondel binne tongersdei alve bollen dearekke. Twa bisten binne letter troch de fee-arts ôfmakke. De stâllen dêr't de bisten ynstienen, binne folslein ferlern gien.

De brân is ûntstien troch las-wurksumheden. De lassers wienen efkes fuort en doe't se weromkamen stie de stâl yn 'e brân. De brânwacht hie de brân gau út.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)