Postsegels binne op

19 jul 2001 - 00:00

Mei yngong fan 1 july moat op de post in segel fan 85 sinten plakt wurde. Om de 'âlde' noch brûke te kinnen, is manmachtich segels fan fiif sinten ynkocht. De postkantoaren binne troch har foarried hinne.

It docht bliken dat de PTT Post te min stoersegels meitsje litten hat. It is ûndúdlik wannear't de problemen dy't de taryfferheging teweibringt oplost binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)