Dierefreon Wite Jan ferdronken

18 jul 2001 - 00:00

De 51-jierrige Ljouwerter dy't tiisdei ferdronken is yn it van Harinxmakanaal by Deinum is Jan Wiebe Lemstra, yn Ljouwert ek wol bekend as 'Wite Jan'. Jan wie yn Ljouwert in bekende stedsfiguer.

Ferline wike kaam hy yn it nijs doe't hy by de brân oan de Skrâns tal fan bisten út in baarnende bistewinkel rêde. Dûkers fan 'e brânwacht hellen Wite Jan tiisdei út it wetter; hy wie doe al ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)