Bloedûndersyk by geiten Moarre

18 jul 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De 5 geiten fan Moarre dy't yn de tongblierkrisis oerbrocht wurden binne nei in oare pleats bliuwe foarearst yn libben. De AID hat besletten om de bisten oan de hân fan in bloedûndersyk earst te kontrolearjen op tongblier.

It ûndersyk moat troch eigner frou Visser sels betelle wurde. Under de tongblierkrisis liet Frou Visser har geiten ûnderdûke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)