Restauraasje tsjerke Warkum

18 jul 2001 - 00:00

De miljoenenrestauraasje fan 'e Roomske tsjerke yn Warkum is woansdei útein set. It projekt duorret oardel jier en kostet mear as fjouwer en in heal miljoen gûne. It jild wurdt betelle troch de parochy en it Ryk.

De muorren fan 'e tsjerke wurde op 'e nij foege en de toer krijt in nij leitek. Fierders wurde de brânskildere ruten restaurearre.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)