Derksen nei Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur hat in nije spits oanlútsen. It is de 29-jierrige Dirk Jan Derksen. Hy hat earder spile foar û.o. FC Den Bosch, Roda JC en MVV. Yn it seizoen 99'/00' waard er topskoarer fan de totodivyzje.
It ôfrûne seizoen hat Derksen foar Austria Wien spile. Hy mocht dêr transferfrij wei. Yn de oefenwedstriid kommende freed tsjin DTD makket Derksen nei alle gedachten syn debút foar Cambuur.