Krantefúzje yn gefaar

© Omrop Fryslân
Redaksje en haadredaksje fan de Drentse Courant wolle net langer meiwurkje oan de fúzje mei it Nieuwsblad van het Noorden. De Drintse redaksje is lulk oer it foarnimmen om de fúzjekrante de namme 'Nieuwsblad van het Noorden' te jaan.
De kranten yn Grinslân en Drinte wurde útjûn troch de NDC, dy't ek de Ljouwerter Krante útjout. De kranten moatte fusearje omdat se achterútbuorkje.