Lucht foar YMCA

18 jul 2001 - 00:00

It YMCA-rekreaasjesintrum Kollumeroord by de Lauwersmar krijt wer wat romte fan syn finansiers. It sintrum koe lang net oan de finansjele ferplichtings foldwaan. It like derop dat it sintrum ferkocht wurde soe.

Der wiene oanrinproblemen en de tongblierkrisis jage de boel yn 'e bulten. It sintrum krijt no in nije kâns en is foarearst frijwol folboekt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)