Stadion Cambuur net feilich

© Omrop Fryslân
Fuotbalclub Cambuur hat in warskôging fan de gemeente Ljouwert krigen. De fideobewaking fan it stadion doocht net en it feiligensplan foldocht net oan de easken. De gemeente, Cambuur, de plysje en it iepenbier ministearje oerlizze no al in jier oer dizze situaasje.
De ûndertekening fan it KNVB-feiligenskonvenant foar it nije seizoen is útsteld oant Cambuur maatregels nimt.