Mear kapasiteit radioterapy

© Omrop Fryslân
De radioterapy fan kankerpasjinten yn Fryslân wurdt de kommende twa jier útwreide. It Radioterapeutysk Ynstitút Fryslân yn Ljouwert krijt trije nije strielingsbunkers. Ynkoarten wurdt begûn mei de oplieding fan nij personiel.
Yn 2003 moatte de nije bunkers operasjoneel weze. Dan sille mear pasjinten holpen wurde kinne. It Radioterapeutysk Ynstitút woe al langere tiid útwreidzje.