Keninginne iepenet hynstesintrum

16 jul 2001 - 00:00

De iepening fan it nije Fryske Hynstesintrum yn Drachten wurdt in grut spektakel mei hynders, artiesten, teater en opera-eleminten. Ek sil Keninginne Beatrix der by wêze. Der wurdt op dit stuit hurd wurke om alles op 'e tiid klear te krijen foar de iepening op 10 augustus.

By de iepening giet ek in film oer it Fryske Hynder yn premiêre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)