Fertraging legionella-kontrôles

© Omrop Fryslân
De ferplichte legionella-kontrôles by bedriuwen rinne flinke fertraging op. Ynspekteur Van der Leur fan Nuon-wetter yn Ljouwert ferwachtet dat de doeldatum fan 15 oktober lang net helle wurdt.
De oerheid fynt dat alle bedriuwen foar heal oktober harren liedingen kontroleare litte moatte op legionella. Nuon-wetter hat ekstra minsken ynhierd foar it útfieren hjirfan en dy ha it smoardrok.