Romme oerwinning Cambuur

05 mrt 2012 - 22:42

Cambuur hat de ynhelwedstriid tsjin FC Dordrecht moandeitejûn mei 4-0 wûn. De Ljouwerters wienen oppermachtich. Yn de earste helte kaam Cambuur op 2-0, troch goals fan Dissels en Van Boxel.
Yn de twadde helte skoarden Barto en De Leeuw. De oerwinning hie noch wol rommer útfalle kinnen, want Cambuur krige noch in tal moaie kânsen. FC Dordrecht spile earmoedich. Fierder as in kâns fan Gielisse kamen sy net.
In fertsjinne oerwinning dus foar Cambuur, dat no twa kear op rige wûn hat. De Ljouwerters stean no op it sechsde plak mei 39 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)