Cambuur - Utert nei Balk?

© Omrop Fryslân
VV Balk besiket om de oefenwedstriid Cambuur-Utrecht yn de gemeente Gaasterlân-Sleat te hâlden. Moandeitemiddei hat VV Balk oerlis mei boargemaster Pitlo fan Gaasterlân-Sleat.
Cambuur hie earst besocht de wedstriid yn Dokkum te krijen. Mar dat slagge net. Om't it hjir om in risikowedstriid giet woe de gemeente Littenseradiel de wedstriid ek net hawwe.