Flylanner strânhúskes populêr

14 jul 2001 - 00:00

De fakânsjehúskes op it strân fan Flylân binne populêr. Tal fan partikulieren, kampinghâlders en projektûntwikkelers ha belangstelling toand.

De moderne húskes fan arsjitekt Akkermans dy't as proef op it strân steane, hawwe al in soad yn it nijs west. De fergunning soe net yn oarder wêze. Neffens arsjitekt en boubedriuw jout de ynteresse oan dat de húskes wol oanslane.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)