Undúdlikheid oer fûgelpest

13 jul 2001 - 00:00

It is noch ûndúdlik oft De Fûgelpits yn Eanjum besmet is mei de pseudo-fûgelpest. Der komme hieltyd mear meldingen by it opfangsintrum binnen fan mooglik besmette bisten.

It bedriuw is op slot set, doe't ferline wike bekend waard dat de sykte útbrutsen wie. Besikers binne no net mear wolkom. Earst kamen de slachtoffers út Ljouwert, mar se komme no út de hiele provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)