Himpkwekerij ûntdutsen

13 jul 2001 - 00:00

De plysje hat tongersdei by in brantsje yn in wente oan de Paardendreef yn Noardwâlde in lytse himpkwekerij ûntdutsen. In buorfrou hie trochjûn dat der brân wie.

Omdat de brân gau ûnder kontrôle wie, koe de skea beheind bliuwe. Op de souder fan de wente waarden 45 himpplanten fûn. De planten en de apparatuer binne yn beslach naam. De bewenners wiene net thús.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)