2500 minsken op 'Lemmer Beach'

13 jul 2001 - 00:00

De earste dei fan it Lemmer Beachfestival luts in lytse 2500 minsken nei De Lemmer. Njonken De Kast en Venice krigen dy ek noch in optreden te sjen fan 'e Amerikaanske rockleginde David Crosby.

De measte besikers wiene al foardat se de tinte yn koene dweil trochwiet reind. It Lemmer Beachfestival giet freed en sneon fierder mei optredens fan ûnder oaren Twarres, Rowwen Hèze en De Kast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)