Brân yn Wâlterswâld

12 jul 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Der is tongersdeimiddei in grutte brân ûntstien by it houtrecyclingsbedriuw Van der Galiën yn Wâlterswâld. It bedriuw ferwurket houtôffal ta snipperkes dy't brûkt wurde foar spaanplaten.

In saneamde skredder is dêrby yn 'e brân rekke. De brânwachten fan Damwâld, Dokkum, De Westerein, Burgum en Ljouwert binne oproppen om de brân te blussen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)