Intsjen bliuwt ferbean

12 jul 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It Europeeske Hof hâldt fêst oan it beslút fan de Europeeske Uny om net te intsjen tsjin tongblier. De rjochter hat dy útspraak tongersdei yn Lúksemboarch yn in spoed-proseduere dien.

It argumint is dat it non-faksinaasjebelied de bisten krekt beskermet. De oanlieding wie in hobbyboer út Drinte. Se hie easke dat har fjouwer skiep en twa geiten inte wurde mochten.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)