Stipe fan kollega foar Eringa
Leen Ferwerda, trou-amtner yn de gemeente It Bilt, leit tydlik syn funksje del. Hy docht dat út protest tsjin it ûntslach fan kollega Eringa út Ljouwert. Se krijt dien om't se twa moannen lyn wegere in homopear te trouwen.
Ferwerda fynt dat alle amtners har beroppe kinne op de wet gewissebeswieren. As dat mei, wol er wer oan it wurk. Hy hat sels gjin beswier homo's te trouwen.