Jong Hearrenfean hurd ûnderút

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
De beloften fan Hearrenfean/Emmen ha yn de útwedstriid tsjin Heracles Almelo in wan bruien krigen. De thúsploech wûn mei 6-0. Healwei wie it noch mar 2-0. By de ploech fan trainer Jan de Jonge slagge hast neat. It gefolch: in protte persoanlike flaters en amper kânsen. Troch de winst giet Jong Heracles oer Jong Hearrenfean/Emmen hinne op de ranglist. De Feansters sakje nei it njoggende plak mei 24 punten út 17 wedstriden.