Dieders oerfal Sumar oanhâlden
Twa froulju en ien man binne woansdeitejûn oanhâlden. Se wurde fertocht fan de oerfal op in 86-jierrige man en syn 80-jierrige suster yn Sumar ôfrûne snein.
De oerfallers, fjouwer yn totaal, wienen it hiem fan de pleats opriden. Se trapen de doar yn en mishannelen de man. De dieders trochsochten it hûs en hawwe in pear hûndert gûne meinommen.