Minder wurkleazens yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Ut de lêste sifers fan Arbeidsvoorziening Noord Nederland docht bliken dat de wurkleasheid yn Fryslân noch hieltyd fierder ôfnimt. Yn de hiele provinsje sitte noch sa'n lytse 20.000 minsken sûnder wurk. Dit is acht prosint minder as ferline jier om dizze tiid.
Yn Fryslân nimt benammen ûnder manlju de wurkleasheid ôf. Yn Grinslân en Drinte giet dit by manlju en froulju lyk op.