Akkoart oer wynmûnen

© Omrop Fryslân
Twahûndert megawatt opwekt troch wynenerzjy moat Fryslân yn 2010 realisearre ha. De provinsje hat in akkoart mei minister Jorritsma sluten. Alle provinsjes moatte mei elkoar 1500 megawatt helje.
De provinsjes krije sels de rezjy en kin gemeenten twinge om wynmûnen te pleatsen. Jorritsma kin op har beurt wer de provinsjes dêrta twinge. By in eardere ôfspraak dienen sân provinsjes mei.