Gat yn Wâldwei is wer ticht

11 jul 2001 - 00:00

It gat yn de Wâldwei is foarearst wer ticht. It gat wie ûntstien troch in fersakking om't der sân út in dûker lekte. Nei eardere wurksumheden ôfrûne moandei is it Rykswettersteat tiisdeitejûn úteinlik slagge it probleem op te lossen.

De dûker is ferholpen. It gat is provisoarysk mei betonplaten ôfdutsen. Nije wike wurdt der in nije laach asfalt oerhinne lein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)