Oerfal en ynbraak yn Boalsert

11 jul 2001 - 00:00

In 52-jierrige frou is woansdeitemoarn betiid yn har hûs yn Boalsert oerfallen. Se hearde lûden en gie op ûndersyk út. Twa manlju wienen troch in iepen rút nei binnen kommen. Se pakten de frou beet en bûnen har hannen fêst.

De mannen, dy't bivakmûtsen droegen, ha it hûs trochsocht en jild meinommen. De frou koe har sels befrije en warskôge de plysje. Dy ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)