Ferplichte mkz-keuring keallen

© Omrop Fryslân
Foar keallen, skiep en geiten komt in ferplichte mkz-keuring. De bisten moatte alle moannen ûndersocht wurde op mooglike besmetting mei tongblier.
Minister Brinkhorst hat ta dizze ferplichting besletten om't de sykte by keallen, skiep en geiten net goed te sjen is. De ferplichte keuring jildt foar elkenien dy't op syn minst twa keallen of fiif skiep hat.