Jubileum Veenhoop-festival

10 jul 2001 - 00:00

De Feanhoop stiet dit jier yn it teken fan in gruts jubileumspektakel. It populêre Veenhoop-festival wurdt foar de 50ste kear holden. Fan 20 oant 24 july stean in tal ferneamde artysten op it poadium, lykas Pigmeat en Smokie.

De groep Normaal komt foar de 20ste kear nei De Feanhoop. Neffens de organisaasje is in Veenhoop-festival sûnder 'Normaal' net normaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)