Oanpak pesten op it wurk

© Omrop Fryslân
Soarchgroep Noorderbreedte pakt pesten op it wurk oan. Neidat foarich jier in proef draaid hat ûnder it personiel yn Nieuw Toutenburg yn Noardburgum, wurdt dy oanpak no tapast op alle goed 4000 meiwurkers.
Wichtige ûnderdielen binne bekendheid jaan oan it pesten en kursussen foar de liedingjaanden. Ek wurdt in fertrouwenspersoan oanwiisd foar yntimidaasje.