Undersyk ATF hast klear

© Omrop Fryslân
Justysje is dwaande it ûndersyk nei de brân by ATF yn Drachten ôf te meitsjen. De kâns is lyts dat noch minsken oanholden wurde. It is noch net dúdlik oft de saak noch foar de rjochter brocht wurde sil.
Koartlyn waarden twa direkteuren fan ATF oanholden. Sy wurde ûnder oaren fertocht fan brânstifting. Beide manlju ha seis dagen fêst sitten.