Kok claimt 100 miljoen fan DSB

09 jul 2001 - 00:00

Ald-FBTO topman Tom Kok fan Snits easket yn in koart pleit 100 miljoen gûne fan 'e DSB-groep fan Dirk Scheringa. DSB en Kok soene in ynvestearingsfûns foar ynternetbedriuwen opsette, mar dat gie oer omdat DSB (Frisia) it jild net hie.

Kok wol de DSB-groep no oan de mûnlinge oerienkomst hâlde, omdat Scheringa dat as AZ-foarsitter ek fan fuotballer Connolly easket. De útspraak is op 19 july.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)