Sântekoart op Waadeilannen

© Omrop Fryslân
Der is in grut tekoart oan sân op de Waadeilannen. Meinammen op it Amelân binne der grutte swierrichheden. Twa oannimmers op it eilân sitte yn finansjele problemen.
Op it Waad mei sûnt jannewaris fan dit jier hast gjin sân mear wûn wurde. De twadde keamer hat dit ferline jier besletten. De gemeente wol graach sân winne út it far tusken Amelân en Holwert.