Heffing op lânbougif
Der komt yn 2003 in heffing op lânbougif. Steatssiktaris Faber wol sa it gebrûk fan lânbougif ûntmoedigje. De lânbousektor hat grutte muoite mei de maatregel. De LTO fynt it in belestingmaatregel. It Produktskip Túnbou tinkt dat de heffing ta yllegaal gedrach liedt.
It gebrûk fan gif rint de lêste jierren al tebek. Bouboeren brûke noch 8 kilo op in bunder, dat wie yn 1990 noch 24 kilo.