Roorda alwer bêste mêstklimmer

© Omrop Fryslân
Niek Roorda fan Akkrum is sneon Frysk kampioen wurden by it mêstklimmen yn syn wenplak. Hy wûn foar de tredde kear achter elkoar by de manlju. Syn rapste klim wie 3.79 sekonden. Nei twa klimomgongen wie er mei 7.59 de bêste klimmer.
Maaike van der Veen út Sumar wie de bêste frou mei 14.72 sekonden. By de 33e edysje wienen 107 dielnimmers, in rekord. De heechste mêst wie 7.15 meter.