Fakânsjedrokte foar ANWB

© Omrop Fryslân
De skoalfakânsjes yn it Noarden binne begûn. Dat wie goed te fernimmen op 'e dyk. De ANWB hat it it ôfrûne wykein drok hân mei meldingen. Tûzenen fakânsjegongers gienen freed al op paad.
Benammen troch it waarme waar kamen der in protte medingen oer maleur. Faak wienen de motors te hyt wurden en wie de spanning op de bannen te leech. De ANWB hie tsien ekstra weinen ynset.