Hearrenfean - Liepajas: 6 - 1

07 jul 2001 - 00:00

SC Hearrenfean hat sneon it 2-3 ferlies yn Letlân tsjin Liepajas Metalurgs wer rjochtlutsen. Yn eigen hûs wûn Hearrenfean ridlik maklik mei 6-1. Liepajas kaam earst op 0-1, mar dêrnei skoarden Jensen, Talan, Allbäck (3 kear) en Lurling yn in wiet Abe Lenstrastadion.

Yn de tredde ronde fan de Intertoto is Basel de tsjinstanner fan Hearrenfean. Hearrenfean spilet earst út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)