Soad animo foar skeelertocht

07 jul 2001 - 00:00

In lytse 200 fanatike skeelerleafhawwers hawwe sneon de Alvemarretocht ôflein. Foar de twadde kear organisearre de iisklub fan Bantegea de tocht troch de Súdwesthoeke fan Fryslân.

De rekreative skeelerers koenen kieze tusken in rûte fan 100 of 150 kilometer. De organisaasje wol besykje oan de tocht takom jier in wedstriidelemint ta te foegjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)