Opslach diermoal op oefenterrein

06 jul 2001 - 00:00

It diermoal dat by Rendac yn Sumar produsearre wurdt, sil opslein wurde op militêre oefenterreinen. Neffens direkteur Ackerman sil dit wykein bekend wurde hokker terreinen dit wêze sille.

Earder al pleite deputearre Mulder foar it brûken fan militêre terreinen foar de opslach. Sûnt Europa it brûken fan diermoal yn feefoer ferbean hat, sit Rendac mei in bulte diermoal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)