Jonkje (5) omkommen by brân
By in fûle brân yn de Rameaustrjitte yn Ljouwert is freedtemoarn in 5-jierrich jonkje om it libben kaam. Syn mem en suske koene op tiid út it hûs weihelle wurde.
Omlizzende wenten rûnen gjin skea op. Mannen yn blauwe pakken diene ûndersyk nei frijkommen asbest. De oarsaak fan de brân is op it stuit noch net bekend.