Bijman wol dochs feemerk hâlde

© Omrop Fryslân
Deputearre Bijman wol der alles oan dwaan om tiisdei dochs in feemerk yn it FEC yn Ljouwert te hâlden. De provinsje oerleit mei it ryk om dispensaasje te krijen foar de strange regels dêr't it gebou oan foldwaan moat.
Om it FEC geskikt te meitsjen as feemerk, moat it gebou oanpast wurde. De oan- en ôffier fan fee moat yn in aparte en oerdutsen romte plakfine.