Deadlike oanriding

© Omrop Fryslân
In 16-jierrige jonge is tongersdei by in ûngelok om it libben kommen. Hy fytste op de krusing De Skieding by de Drachtster Kompenije en joech gjin foarrang oan in automobilist. Hy waard skept en is op wei nei it sikehûs ferstoarn.
Neffens de plysje hat de bestjoerder, in 44-jierrige Surhústerfeanster hurder riden as tastien is. De plysje ûndersiket de saak. Tsjûgen kinne belje: 0900-8844.