Jonge ferdronken by Griene Stjer
In jonge fan achttjin út Ljouwert is tongersdeitejûn ferdronken. Hy soe te swimmen yn it rekreaasjegebiet De Griene Stjer by de Fryske haadstêd. Hy gie de plas yn, mar kaam net mear boppe wetter.
Omstanners ha de jonge út it wetter helle. Reanimaasje mocht net mear helpe. Yn it sikehûs die bliken dat it slachtoffer ferstoarn wie.