Nije direkteur De Harmonie

06 jul 2001 - 00:00

Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert hat in nije direkteur. Arthur Oostvogel (50 jier) folget Gerard Tonen op. Oostvogel komt út Den Bosch en is advokaat fan hûs út. Hy wurket al tsien jier yn de teaterwrâld. Hy begjint 15 augustus.

De Harmonie hie al in ynterim-direkteur beneamd, de hear Botschuijver. Hy bliuwt oant ein augustus om de nije direkteur te stypjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)