ANWB brûkt Fryske nammen

© Omrop Fryslân
De fernijde rûteplanner fan 'e ANWB op ynternet akseptearret en werkent alle Fryske plaknammen. De rûteplanner werkent alve offisjele Europeeske talen. It Frysk heart dêr ek by, fynt de ANWB.
De rûteplanner jout sûnder problemen de rûte fan Skuzum nei Salamanca of fan De Fochtel nei Dover. De ANWB-rûteplanner wurdt yn dizze tiid fan it jier deistich wol 40.000 kear rieplachte.