Mei de bus nei fleanbasis

04 jul 2001 - 00:00

De plysje freget minsken dy't nei de Iepen Dagen fan de fleanbasis yn Ljouwert geane, safolle mooglik mei it iepenbier ferfier te kommen. Foar minsken dy't dochs mei de auto komme, is der parkearplak op de A31 tusken Dronryp en Marssum, by it FEC en by de Griene Stjêr.

De plysje set 110 minsken yn. Der wurde sa'n 200.000 besikers ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)