Steande-mêstrûte mei trochgean

© Omrop Fryslân
Foar it útfieren fan de steande-mêstrûte binne gjin juridyske tûkelteammen mear. In second opinion fan de ANWB hat útwiisd dat provinsje en gemeente Boarnsterhim har hâlde oan de bestimmingsplannen.
Der wurdt ek wurke oan oare rekreative knyppunten. Sa sil it akwadukt yn de nije rûnwei fan Wâldsein der earder wêze as in akwadukt by de Jeltesleatbrêge.